'Gjin eangstkultuer Sm'lân'

02 jul 2013 - 13:33
  • Gemeente Smellingerlân

Der is gjin sprake fan in breed fielde eangstkultuer by de gemeente Smellingerlân. Dat konkludearret ûndersyksburo Berenschot nei ûndersyk dat dien is nei de wurksfear ûnder amtners by de gemeente. Der is wol sprake fan problemen op twa ôfdielingen, der't personiel ûntefreden is oer de liedingjaanden. Fieder hat bliken dien dat der krityk is op it net folgjen fan de goeie prosedueres by beneamingen. Sinjalen fan ûnfrede wurde net gau genôch oppakt troch liedingjaanden. De lieding hat net genôch oandacht foar problemen op guon ôfdielingen.

Yn april kaam in groep meiwurkers mei har ferhaal nei bûten. Se fertelden foar Omrop Fryslân dat der neffens harren op it gemeentehûs sprake is fan in eangstkultuer. Se wurde narre troch liedingjaanden en yntimideard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)