Gjin Dútse wrâldkampioene

09 feb 2003 - 00:00

Cindy Klassen hat snein de wrâldtitel allround-reedriden yn Sweden ferovere. De Kanadese gie nei de earste dei al oan de lieding. Mei har titel makket se in ein oan de macht fan de Dútsers dy't sûnt 1994 wrâldkampioenen waarden.

Annemarie Thomas hie de minste tiid fan de froulju op de lêste ôfstân, de 5000 meter. Dêrmei is se alfde wurden. Bêste Nederlânske wie Renate Groenewold. Mei in achtste plak op de 5000 meter waard se njoggende yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)