Gjin Dútse strjitten yn It Fean

11 jun 2003 - 00:00

De gemeente It Hearrenfean sil nije strjitnammen betinke foar de nijbouwyk Skoatterwâld. It kolleezje hat dat besletten nei in soad krityk op de betochte Dútse strjitnammen.

Der wie keazen foar in 13-tal Dútse stêden, wylst krekt dêr in soad minsken yn de Twadde Wrâldoarloch tewurksteld waarden. Neffens de kommisje dy't de nammen betocht, binne se basearre op de achternammen fan ferskate Fryske Nassau's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)