Gjin dúdlikens oer Radomski

06 maaie 2004 - 00:00

Fuotbalklub SC Heerenveen en de Poalse spiler Arek Radomski binne it noch net iens oer de takomst. Ek in twadde petear oer in nij kontrakt smiet woansdei neat op. De partijen hiene it oer in posityf petear en ljocht yn de tunnel.

Radomski stiet yn de belangstelling fan ferskate bûtenlânske klubs. Mar neffens syn saakwiernimmer soe de fuotballer wol by Hearrenfean bliuwe wolle. Nije wike wurdt wer fierder praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)