Gjin dúdlikens oer homohouliken

29 jun 2004 - 13:51

It it noch altyd net dúdlik hoe't it komt mei it homohoulik yn Ljouwert. De saak kaam moandei oan de oarder op in riedskommisje. Dy is der noch net út oft amtners fan de boargerlike stân ek nei 2005 om prinsipiële redenen wegerje meie homohouliken te sluten.

PvdA en GrienLinks binne deroptsjin en it CDA is foar. Mar de measte oare partijen twifelje noch, sa liket it. Nije wike moandei praat de gemeenteried oer de kwesje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)