Gjin drekboel op Hynstedagen

28 jul 2007 - 12:32
  • sneon wie it boeredei op de Hynstedagen

Troch it droege waar fan de lêste dagen binne de hynstedagen fan Driezum en Wâlterswâld dochs gjin drekboel wurden. De organisaasje wie earder benaud dat it festivalterrein te wiet wurde soe. Op de hynstedagen komme tûzenen minsken ôf.

It parkearterrein wie noch wol wiet. Auto's moasten freed fuortsleept wurde om't se op eigen krêft net fuortkomme koenen. De hynstedagten wurde dit jier foar de 18e kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)