"Gjin draachflak foar besunigings by rjochtbank"

07 sep 2015 - 18:12
  • Rjochtbank Ljouwert

By it personiel fan de rjochtbank Noard-Nederlân is gjin draachflak foar besunigings op húsfesting. Dat seit de ûndernimmingsried yn in foarriedich stânpunt. Dat der gjin draachflak is, docht bliken út de gearkomsten dy't ôfrûne wike belein binne mei it personiel.

Neffens it rjochtbankbestjoer kin trije miljoen euro besunige wurde troch it kantoarpersoniel fan Assen te ferhúzjen nei de festigings yn Ljouwert en Grins. In soad minsken ferwachtsje lykwols dat de festiging yn Ljouwert nei 2020 ferdwynt.

De UR set grutte fraachtekens by de finansjele ûnderbouwing. It brûken fan in saneamd fleksibel húsfestingskonsept is gjin goed idee, omdat soks yn Ljouwert by de ôfdieling privaatrjocht net wurket. De UR hat it oer 'in ferûntrêstend byld fan slimme konsintraasjeproblemen'. De ûndernimmingsried ferwachtet dat mear minsken as no net mear op in rjochtsitting komme, omdat se dan te fier reizgje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)