Gjin Douwe Tammingapriis

17 okt 2014 - 19:42
  • Ale S. van Zandbergen wûn de Douwe Tammingapriis de foarige kear

De Douwe Tammingapriis wurdt takom jier net útrikt. Dat hat it bestjoer fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum besletten. Doel wie om de priis dit kear út te rikken oan in debutant mei in dichtbondel, mar der wiene gjin nije dichters.

De jierlikse priis is ferline jier yn it libben roppen. Hy wurdt ôfwikseljend takend oan in dichter of in proazaskriuwer. Dit foarjier wûn Ale S. van Zandbergen foar syn roman Littenser Merke. De Douwe Tammingapriis bliuwt wol bestean. Der wurdt bepraat oft de opset feroare wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)