Gjin donornier Nieuwenhuis

05 apr 2014 - 14:09
  • Nierpasjint Henk Nieuwenhuis hat gau in nije nier nedich

Nierpasjint Henk Nieuwenhuis fan Snits, dy't gau in nije nier nedich hat, is noch net út de brân holpen. Ferline wike melden har twa manlju dy't wol in nier oan Nieuwenhuis ôfstean woene. De 66-jierrige Snitser die in oprop foar in nierdonor yn it tsjerkekrantsje fan de Protestanske tsjerke. Yn in útstjoering fan Hjoed op Omrop Fryslân wie Nieuwenhuis ek te sjen. Dat smiet twa reaksjes op.

Ut medysk ûndersyk fan sikehûs MCL yn Ljouwert blykt no lykwols dat de twa manlju net geskikt binne as nierdonor.

De soan fan Nieuwenhuis kin gjin donor wurde, omdat er deselde niersykte hat as syn heit. Syn dochter soe it wol wolle, mar kin noch bern krije. It doktersadvys is om dan gjin donor te wurden. It komt hieltyd faker foar dat minsken ûnbekenden freegje om in nier te donearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)