Gjin dokterswacht foar Aldegea

20 sep 2010 - 12:37

In part fan de ynwenners fan Aldegea Smellingerlân kin net mear terjochte by de Dokterswacht. It giet om 1700 pasjinten fan húsdokter Van der Tholen. Soarchfersekerder De Friesland hat it kontrakt opsein omdat er net foldocht oan de wer-registraasje.

Dizze BIG-registraasje betsjut dat húsdokters harren fak byhâlde troch ûnder oare kursussen. Omdat húsdokter Van der Tholen hjir net oan foldocht, wolle Dokterswacht en oare húsdokters net mear mei him gearwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)