Gjin doelpunten by Drachtster Boys

18 apr 2015 - 16:47
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon in punt út it 0-0 lykspul by AZSV. Yn it Gelderske Aalten wie Saïd Assan op slach fan rêst ticht by de iepeningstreffer, mar syn skot koe troch de keeper fan AZSV mei muoite noch keard wurde. Yn de twadde helte slagge de ploech fan trainer Fred de Boer der net yn te skoaren. Ek de thúsploech út Aalten wist gjin feroaring yn de begjinstân te bringen, wêrtroch't der gjin winner kaam.

Troch it lykspul komt Drachtster Boys op 30 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)