Gjin doellinetechnology by Ajax-SC Cambuur

20 nov 2015 - 09:49
  • In doel mei doelline-technology

De fuotbalwedstriid tusken Ajax en SC Cambuur wurdt sneon spile sûnder doellinetechnology. Dy technology bestiet wol yn de Arena, mar de bal dêr't de ploegen dit wykein mei spylje, is dêr noch net op ynlêzen.

De technology kin mei help fan kamera's oanjaan oft in bal hielendal oer de line is of net. De ferwachting is dat it nei dit wykein wol wer wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)