'Gjin DNA-ûndersyk miste kâns'

29 apr 2009 - 12:00
  • Ald-resjersjeur Joop Damstra

Der hie in grutskalich DNA-ûndersyk hâlden wurden moatten in de saak Vaatstra. Dat hie mooglik de oplossing west. Dat seit Joop Damstra, dy't yn it earste resjerzjeteam siet. De âld-plysjeman (65) hat it der noch hieltyd dreech mei dat de moard nea oplost is.

Op fersyk fan Omrop Fryslân seach hy foar it earst nei 10 jier wer op it plak dêr't Marianne fûn waard. Damstra fynt it tige spitich dat it grutte DNA-ûndersyk ûnder 20.000 manlju yn de omkriten der nea kaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)