Gjin disko's mear yn De Foeke

12 aug 2000 - 16:45

Yn mienskipsgebou De Foeke yn Hylpen meie gjin disko's mear holden wurde. Hoarekaûndernimmers hienen de rjochter frege om sa'n ferbod. De disko's soenen foar oerlêst soargje. Boppedat soe der sprake wêze fan ûnearlike konkurrinsje, om't de gemeente De Foeke stipet.

De útbaters fan De Foeke sizze nea in sint subsydzje sjoen te hawwen. Sûnder de disko's kinne se net bestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)