Gjin dakleazen yn Seeheldebuert

04 des 2002 - 00:00

Der komt gjin útfanhûzershûs foar dakleazen yn 'e Seeheldebuert op 'e Lemmer. Op in kommisjegearkomste is it foarstel tiisdei ôfkard. Beswieren yn 'e buert joegen de trochslach. It wie de bedoeling dat de buertbewenners belutsen wurde soene by de opfang, mar dat wolle se perfoast net.

Boargemaster en wethâlders sjogge noch wol wat yn sa'n útfanhûzershûs. It wachtsjen is no op inisjativen fan de rie foar festiging op in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)