Gjin CO2 yn grûn Fryslân

24 jun 2010 - 18:21
  • Yn Fryslân wurdt noch gjin CO2 opslein

Yn de Fryske boaiem wurdt foarearst gjin CO2 opslein. Trije hast lege gasfjilden yn Grinslân en Drinte komme earst yn oanmerking. It giet om de lokaasjes Boerakker, Sebaldaburen en Eleveld. De demisjonêre ministers Van der Hoeven en Huizinga hawwe dit tongersdei oan de Twadde Keamer witte litten.

It ôffangen en opslaan fan it broeikasgas CO2 wurdt beskôge as in needsaaklike stap op wei nei duorsume enerzjyfoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)