Gjin CO2-opslach Noarden

14 feb 2011 - 21:23

Der komt gjin opslach fan CO2 yn de boaiem fan Noard-Nederlân. Dat hat minister Verhagen moandeitejûn sein by in ferkiezingsgearkomste yn Emmen. It kabinet sjocht neffens Verhagen no nei opslach yn de boaiem fan de Noardsee.

Foaral yn Fryslân wie der in soad krityk op de plannen. Minister Verhagen hat altyd sein dat der wol draachflak wêze moast foar de opslach. Deputearre Adema is bliid dat der no definityf gjin CO2-opslach yn it Noarden komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)