Gjin bussen mear by MCL yn Harns

07 apr 2006 - 15:55

Der komme gjin bussen mear foar de doar fan it sikehûs MCL yn Harns. Pasjinten of famylje fan minsken dy't dêr opnaam binne, moatte no hûnderten meters rinne. It giet om line 97 dy't fanút it noardwesten nei Harns rydt.

Dy kaam altyd oant de doar fan it sikehûs, mar sûnt jannewaris is dat foarby. Arriva seit net samar de tsjinstregeling oanpasse te kinnen. De direksje fan it sikehûs wol mei de gemeente prate oer in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)