Gjin busophelreis foar Pieter

26 jul 2007 - 12:04
  • Weeningfans, ferline jier yn Frankryk

De busreis om Pieter Weening út Parys op te heljen giet net troch. De aardichheid is derôf, seit broer Eddy Weening. Famylje, fans en freonen soene Pieter nei de Tour ophelje.

Kopman de Deen Rasmussen is troch de Rabobankploech út 'e Tour set. Hy hat liigd oer wêr't er wie, sadat er dopingkontrôle ûntrinne koe. De Rabobankfytsers hawwe besletten tongersdei wol de tour te riden. Se mochten it sels beslute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)