Gjin bungalowparken op de romte

23 nov 2006 - 10:16

Yn it bûtengebiet fan Boarnsterhim komme gjin bungalowparken. Dat stiet yn de fyzje dy't de gemeente makket hat yn tarieding op it nije bestimmingsplan foar dat bûtengebiet.

Yn it stik stiet wol dat ynset wurde moat op lytsskalige rekreaasje. It leafst soe dat moatte yn kombinaasje mei natuer. Ek boerebedriuwen krije romte as dat past yn de omjouwing. De fyzje giet op 12 desimber nei de ried foar besprek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)