Gjin BSE-heffing op fleis

15 des 2000 - 14:03

Der komt gjin BSE-heffing op fleis. Dat antwurde lânbouminister Brinkhorst tongersdei op fragen fan CDA-Keamerlid Atsma. De minister wol de boeren al in beskate fergoeding ta hawwe foar de legere ynkomsten troch de krisis.

Neffens de minister moatte sa min mooglik kij ferneatige wurde. It kabinet beslút freed oer de maatregel. Troch de BSE-krisis binne de fleisprizen ynsakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)