Gjin brêge oer Salverderfeart

31 mrt 2004 - 00:00

Foarearst komt der gjin brêge oer de Salverderfeart yn Frjentsjer. De provinsje jout de gemeente gjin tastimming de brêge oan te lizzen. Ferkear nei it yndustryterrein Zevenhuizen moat no noch troch in wenbuert. De bewenners meitsje dêr al 30 jier beswier tsjin.

De gemeenterie kaam in pear wike lyn de buertbewenners yn de mjitte. De provinsje stiet der lykwols net efter, om't de gemeente ûnder kuratele stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)