Gjin brede skoalle Akkrum-Grou

12 jun 2008 - 15:12

De bou fan brede skoallen yn Akkrum en Grou giet net troch. Oer de bou fan ´e brede skoallen, mei allehande foarsjennings byelkoar, waard al sûnt 1996 praten. De gemeente hat no besletten dat it better is allinnich skoallen mei in gymnastykseal te bouwen, mar wol romte frij te litten foar it bybouwen fan oare foarsjennings, lykas berneopfang of biblioteek. It beslút hat ek te krijen mei de finansjele posysje fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)