Gjin boykot fan ynfojûn COA yn Riis

22 nov 2014 - 15:09
  • It haadgebou fan Mooi Gaasterland
  • Spandoek yn Riis tsjin komst tefolle asylsikers

De wurkgroep Riis boykot de ynformaasjejûn fan it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers kommende moandei net. Ek roppe sy net op ta sa'n boykot. Dat hat de wurkgroep sneontemiddei besletten omdat net allinnich minsken út Riis, mar ek út de doarpen deromhinne wolkom binne.

Yn Riis is opskuor ûntstien oer it foarnimmen fan it COA om 500 asylsikers te pleatsen yn Mooi Gaasterland. It doarp sels telt 175 ynwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)