'Gjin bouflater by Kelders'

13 maaie 2006 - 10:01

Der is gjin bouflater makke by de Bierkelders yn Ljouwert. Dat seit Peter Jager fan de ôfdieling Rûmtlike Oardering fan de gemeente. De útbater dy't in hoarekabedriuw begjinne wol yn de kelder, kin net oan de slach om't der gjin ôfsûchynstallaasje makke is.

Der is yn 2005 in heal jier wurke om de kelders geskikt te meitsjen foar hoareka. De ynstallaasje wurdt lykwols mei sin pas nei ôfrin makke, sadat dat barre kin yn oerlis mei de útbater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)