Gjin bon feroarsaker oanriding

26 nov 2008 - 11:15
  • Buske en hûs rekken skansearre

De fersoarsaker fan de oanriding dêr't tiisdei in wenning yn Hoarnstersweach swier by skansearre rekke, krijt gjin bekeuring. De bestjoerder ried mei syn auto in buske oan dat neist in wenning stie. It buske waard troch de klap dwers troch de sydgevel fan de wenning drukt.

Ut undersyk docht bliken dat de bestjoerder fan de auto de macht oer it stjoer kwytrekke, doe't er yn de berm terjochte kaam. Dat kaam om't er op de smelle dyk útwike moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)