Gjin boete foar Westcord Hotel

15 jan 2014 - 11:12
  • Strânhotel Seeduyn op Flylân

De Ried fan Steat hat de Westcord Hotel Groep gelyk jûn yn syn beswier tsjin in troch it ministearje opleine boete. Dat ministearje fynt dat Westcord yn 2008 in groep Yndoneziërs as gewoan personiel ynset hat op de Waadeilannen, wylst se allinne in fergunning hiene om as stazjêre te wurkjen. De hotelketen krige dêrom in boete fan goed 220.000 euro oplein. Westcord gie der tsjin yn berop, mar krige fan de rjochtbank gjin gelyk.

De Ried fan Steat kiest no de kant fan Westcord, omdat it fynt dat de hotelketen gjin regels oertrêde hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)