Gjin bistepensjon yn Wergea

07 maaie 2014 - 11:22
  • (stockfoto)

Yn Wergea komt foarearst gjin bistepensjon. Neffens de Ried fan Steat hie de gemeente de fêstiging fan in pensjon foar maksimaal 250 hûnen en katten net tastean mocht, sûnder ûndersyk nei de gefolgen foar omwenners. In ynwenner fan Swichum wie yn berop kaam tsjin de komst fan de biste-opfang. Hy wie bang foar lûdsoerlêst. De gemeente hie gjin ûndersyk nei lûdsoerlêst dien om't it plan neffens har foldie oan de rjochtlinen fan de VNG.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)