Gjin bijestjerte op Skier

06 apr 2010 - 14:30
  • Bijen yn in buiske op Skiermûntseach (foto: Omrop Fryslân)

Skiermûntseach is ien fan 'e pear plakken yn Nederlân dêr't bijen net massaal deagean. Om in ein te meitsjen oan de bijestjerte is fan 't wykein de Bijenstichting oprjochte. Dy wol dat de polityk mear omtinken jout oan it probleem. Neffens de stichting is der de lêste jierren in wiere slachting oan de gong.

Op Skiermûntseach is dat gek genôch net sa, mar de Stichting Station voor Carnicateelt op Skier stipet it inisjatyf wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)