Gjin bewenning fûn by Weinterp

04 okt 2012 - 12:39

By archeologysk ûndersyk by Weinterp, by Wynjewâlde, ha de archeologen gjin spoaren fûn fan bewenning yn de lette midsieuwen.

Dêr wurdt ûndersyk dien omdat hjir aanst de nije N381 oanlein wurdt. Der binne wol twa kûgelpotskerven út dy tiid fûn. Dat befestiget de teory fan de bewenning, mar omdat se yn grûn fûn binne dy't bewurke is, is de lokaasje net mear te achterheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)