Gjin beweging Littenseradiel

18 jun 2007 - 23:24

De oplossing foar de bestjoerskrisis yn Littenseradiel is noch gjin stap tichterby kommen. Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels hat moandei mei de fraksjefoarsitters praat, mar dat gie benammen oer de proseduere.

Der is net besocht om partijen op in oar stânpunt te bringen. Nijpels woe net reagearje. Neffens Waterlander fan 'e PvdA is it net sa dat Nijpels sa mar om de gemeenteried hinne kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)