Gjin beurzen yn Súdlaren

05 apr 2011 - 15:00

Der meie gjin beurzen organisearre wurde yn de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren. Dat hat de rjochter hjoed bepaald. De eksploitant hie besocht fia in koart pleit fan it ferbod op beurzen ôf te kommen, mar neffens de rjochter koe hy dat net dwaan.

Dy ferantwurdlikheid leit nammentlik by de eigner fan it gebou en dat is projektûntwikkeler Leiten. It ferbod op it hâlden mei beurzen is ynsteld yn 2006 doe't it WTC-expo yn Ljouwert it beurskompleks ferkocht oan Leiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)