Gjin betrouwen yn Samplonius

28 sep 2007 - 06:14

De ried fan Kollumerlân hat gjin betrouwen mear yn Samplonius, de fraksjefoarsitter fan de FNP. Dy lekte goed in wike lyn fertroulike ynformaasje oer de foarnommen fúzje mei Achtkarspelen nei de parse.

De ried rôp him dêr tongersdei ta ferantwurding. Samplonius wachte dat lykwols net ôf en út de gearkomste fuort. Hy hie graach earst in ferklearring ôflizze wold. No ferwyt de ried him dat er de diskusje ûntrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)