Gjin betrouwen yn Friese Land

27 mrt 2008 - 11:13
  • de ûr seit it betrouwen op yn de direksje fan Het Friese Land

De ûndernimmingsried fan Het Friese Land hat it betrouwen yn de direksje opsein. De thússoarchorganisaasje hat it finansjeel dreech en is dwaande mei in reorganisaasje.

Oer de ynhâld fan de maatregels is gjin ferskil fan miening, mar oer de wize wêrop't de direksje mei de ûr kommunisearret wol. Dat seit de foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch. Der wurdt útsocht wat misgien is om dat tenei foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)