Gjin beswieren azc Kollum

08 jan 2003 - 00:00

De Kollumers ha gjin grutte beswieren tsjin it ûntwerpplan foar it nij te bouwen azc yn har doarp. Neffens de plannen dy't woansdei op in byienkomst presintearre waarden, wol de gemeente oan de Willem Loréwei 40 huzen bouwe foar 250 asylsikers.

Dy 40 huzen kinne ferboud wurde ta rekreaasjewenten as it azc oer in tal jierren slút. Fierder binne der plannen foar in jachthaven en in bosk yn itselde gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)