'Gjin besunigings by omrop'

15 des 2003 - 00:00

It ryk sil net besunigje op regionale omroppen lykas Omrop Fryslân. Dat sei steatssiktaris Van der Laan moandei by in wurkbesite oan Omrop Fryslân.

Lanlik wurdt der 40 oant 80 miljoen euro besunige op de publike omrop. Regionale stjoerders wiene ek benaud foar besunigings. Mar dêr is neffens Van der Laan gjin reden ta. Van der Laan fynt it bestean fan de regionale omrop tige wichtich. Benammen om't se in funksje ha as rampestjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)