Gjin bestjoerlike fúzje Antonius Zorggroep en KwadrantGroep

05 okt 2015 - 16:42

De bestjoerlike fúzje tusken de Antonius Zorggroep en de KwadrantGroep giet net troch. In fúzje smyt net genôch op foar beide partijen, hat bliken dien út ûndersyk.

Twa jier lyn binne beide partijen begûn mei de fúzje. Doetiids wiene ek sikehûs Nij Smellinghe en soarchgroep Pasana dêrby belutsen. Nei it fallisemint fan Pasana hat Nij Smellinghe him weromlutsen. Foar it Antonius en de KwadrantGroep reden om nochris goed te sjen oft de fúzje helber is en benammen ek doel hat.

Dat hat it net. Al ha de KwadrantGroep en de Antonius Zorggroep ôfpraat wol gear te wurkjen op terreinen dêr't it kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)