Gjin beslút oer Raadhuisplein

06 okt 2010 - 06:22
  • Gemeentehûs yn Drachten

It is noch hieltyd net dúdlik hoe't it sintrumplan fan Drachten bekostige wurde moat. Tiisdei soe de gemeenteried fan Smellingerlân in beslút nimme oer de opknapbeurt fan it Raadhuisplein, mar dat is net gebeurd.

It projekt om it sintrum fan Drachten oan te pakken kostet goed 4 miljoen mear as earder berekkene is. Dy kosten soene diels út opbringsten fan it bouprojekt Vogelzang betelle wurde moatte, mar krekt oer dat riedsstik wie in soad ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)