Gjin beslút oer MFC Feanwâlden

18 feb 2014 - 17:03
  • It gemeentehûs fan Dantumadiel

De gemeenteried fan Dantumadiel nimt tiisdei gjin beslút oer de finansiering fan in multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden. De bou dêrfan kostet 8 ton. It punt is fan de aginda ôfhelle op fersyk fan in mearderheid fan de partijen, wêrûnder ek koälysjepartijen PvdA en ChristenUnie.

It CDA is bot fernuvere oer it beslút en wol mei de partijen prate oer wat it útstel betsjut foar de takomst fan it MFC-plan.

Dantumadiel'82 kin him net fine yn krityk dy't it CDA hat oer de finansiering fan in multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden. Fraksjefoarsitter Postma fan Dantumadiel'82 begrypt de krityk net. Der is acht ton besikber foar de bou. De measte partijen wolle dat earst dúdlik wurdt op watfoar lokaasje oft it sintrum boud wurdt. Oer it MFC yn Feanwâlden wurdt al jierren praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)