Gjin beslút oer gaswinning

31 okt 2008 - 06:40

Dongeradiel hat noch gjin beslút naam oer gaswinning by Ie. De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) wol gas winne by de Tibsterwei. Dat plak leit sintraal tusken wat gasfjilden yn. De gemeente Dongeradiel moat der frijstelling foar jaan.

De ried stimde ferdield: njoggen foar en njoggen tsjin. It foarstel wurdt dêrom yn in folgjende gearkomst opnij behannele. De tsjinstanders ha foaral beswier tsjin de oantaasting fan it iepen lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)