Gjin beslút dyk Starum

16 feb 2010 - 22:39
  • De gefaarlike dyk by Starum

De gemeenteried fan Nijefurd hat tiisdeitejûn gjin beslút naam oer de nije ûntslutingsdyk foar Starum. In foarstel dêrfoar is op it lêste momint weromlutsen troch it kolleezje fan B & W.

Neffens it kolleezje binne der noch tefolle twivels by de bewenners fan Starum, Warns en Himmelum. Dy twivels ha te krijen mei it krekte plak fan de nije dyk om Starum hinne. De nije dyk moat soargje foar minder frachtauto's yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)