Gjin berop oer TBS Burgumer

28 feb 2007 - 21:19

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop tsjin de útspraak yn de saak fan de Burgumer dy 't syn soantsje sa mishannele hat dat it jonkje der 40 brutsen bonken oan oerhâlden hat.

De 34-jierrige man krige 2 jier sel, mar net mei TBS en dwangferpleging. Om dy swiere finzenisstraf en om foar te kommen dat de man noch lang op syn straf wachtsje moat, sjocht it IM ôf fan heger berop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)