Gjin beloften by SC Cambuur

21 apr 2011 - 13:14

Sportklup Cambuur hat ek takom seizoen gjin belofte-alvetal. Dat hat de klup tongersdei bekend makke. Cambuur kin it finansjeel net klear krije. De klup sil ek definityf net meidwaan oan de earedivyzje foar froulju. Dêr ûntbrekke de finansjele middelen foar.

Dat der gjin beloften komme, is spitich foar Jan Bruin. Hy soe trainer wurde fan dat alvetal. Fraach is no oft de ambisjeuze Bruin by Cambuur bliuwt. Hy hat op 2 maaie in petear mei de klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)