'Gjin belang by doarpsflagge'

17 feb 2006 - 14:22

De doarpen Alde- en Nijeholtwâld en Ter Idzers yn Weststellingwerf krije gjin eigen doarpsflagge. Dat is besletten op de jiersgearkomste fan Eensgezindheid, de organisaasje foar Pleatslik Belang yn de trije doarpen.

Ferline jier waard de suggestje dien om in doarpsflagge meitsje te litten. It bestjoer is de mooglikheden neigien en hat ek de kosten berekkene. Mar op de gearkomste die bliken dat de leden gjin ynteresse mear ha yn in doarpsflagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)