Gjin beker foar Harkemase Boys

18 jun 2011 - 16:50

Harkemase Boys hat sneon de lanlike bekerfinale foar amateurs mei 1-0 fan Achilles '29 ferlern. It iennichste doelpunt yn Groesbeek foel yn de 52ste minút en waard makke troch Willem Korsten foar de nije bekerwinner.

Achilles '29, dat útkomt yn de sneins-Topklasse, en Harkemase Boys wiene oaninoar weage, mar de ploech fan Wieb Rodenhuis trof in poerbêste Barry Ditewig yn de goal foar de thúsploech. De âld-Hearrenfeankeeper Ditewig koe in soad ynsetten keare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)