Gjin bekentenis Ooms-fertochte

20 nov 2006 - 17:16

De man (21) dy't fêstsit as fertochte fan de moard op Marinus Ooms hat gjin bekentenis oan de plysje ôflein. Dat seit de advokaat fan de man, Bart Canoy út Ljouwert. De man hat him wol yn Amsterdam by de plysje melden, mar wie net sels by de moard belutsen.

It Iepenbier Ministearje makke moandei bekend dat de man sein hawwe soe dat er wol by de moard belutsen wie. De fertochte hat syn jeugd trochbrocht yn Haulerwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)