Gjin begryp eask tsjin plysje

04 mrt 2011 - 11:48

De plysjeman dy't ferline jier op It Hearrenfean in man út Sweagerbosk delsketten hat, hat neat ferkeard dien. Dat seit parse-offisier Henk Mous yn reaksje op it foarnimmen fan de advokaat fan de man út Sweagerbosk om de plysjeman oan te kleien foar moard of deaslach.

De man út Sweagerbosk gie ferline jier jannewaris bot oerstjoer nei de skoalle fan syn bern op It Hearrenfean. Hy hie in grut mes by him en woe himsels tekoart dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)