Gjin bedriuweterrein Reduzum

10 feb 2008 - 16:05

Reduzum krijt gjin eigen bedriuweterrein. It doarp hie plannen om oan de súdkant fan it doarp in lytsskalich terrein oan te lizzen. Yn Reduzum binne se no benaud dat bedriuwen ferdwine nei Grou of Akkrum.

De provinsje wiist de plannen ôf om't se net yn it streekplan passe. It leit te fier fan de bebouwing ôf en past dêrom net yn it lânskip. It terrein wie ûnderdiel fan it masterplan foar de takomst fan Reduzum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)