Gjin baneferlies by Valkema

20 okt 2008 - 16:05

De sluting fan it ferkeapsintrum foar twaddehâns auto's soarget net foar baneferlies by garaazjebedriuw Valkema op It Hearrenfean en Ljouwert. Wurk dat oars útbestege wurdt, sil no sels troch Valkema dien wurde en dan moat der foar alle meiwurkers wurk wêze.

Valkema slút it ferkeapsintrum foar twadde hâns-auto's, omdat banken op dit stuit minder maklik jild útliene. Sa'n tachtich prosint fan de bedriuwen en partikulieren liene jild foar de oanskaf fan har auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)