Gjin AZC's Fryslân ticht

21 sep 2011 - 21:21

De sluting fan sân asylsikerssintra yn Nederlân hat gjin direkte gefolgen foar de sintra yn Fryslân. Dat seit in wurdfierder fan it COA. Tiisdei waard bekend dat de opfangorganisaasje op syn lêst 1 maart takom jier sân lokaasjes ticht docht. It giet om 2600 opfangplakken. De asylsikers sille dan yn oare sintra opfongen wurde.

Hoefolle dat yn Fryslân binne is noch net dúdlik. Ek de plannen om yn Dongeradiel in nij AZC te bouwen geane gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)